Súkses Jansma yn Europa Cup

De bobslide fan Van Calker en Jansma
Bobslider Sybren_Jansma hat tegearre mei piloat Edwin van Calker in Europa Cup wedstriid yn Sankt Moritz wûn. Se hâlden twa Dútske duo's achter harren. Jansma en Van Calker diene mei oan de wedstriid om punten foar de wrâldranglist te sammeljen. It plak op dy ranglist bepaald by de Olympyske Spelen yn Vancouver de startposysje.
De mannen slydzje dit wykein in wrâldbekerwedstriid yn Igls. Se hoopje dêr mei in goed resultaat yn de top 12 fan de wrâldranglist te kommen.