Soli Brass cd fan it jier

21 jan 2010 - 13:42

Brassband Soli Brass fan Ljouwert is mei de nijste cd 'The Fenlands' yn de prizen fallen. It skiifke waard troch de lêzers fan it blêd Brass Info en de besikers fan de webside keazen tot de brass-cd fan it jier. Der wiene mei-elkoar tsien cd's nominearre. Uteinlik krige Soli Brass hast 40 prosint fan alle stimmen.

De cd is in registraasje fan in konsert fan de brassband mei oargel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)