Haïty: jild foar wettermakkers

(Foto: webside Bright Spark)
Under personiel en studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein wurdt jild ynsammele om mobile wettermakkers nei Haïty te stjoeren. Dy meitsje fan smoarch wetter drinkwetter en dogge dat op sinne-enerzjy. De wettermakkers kinne dêrtroch oeral ynset wurde.
De apparaten wurde skonken oan helporganisaasje World Servants dy't se earst yn Haïty brûkt en letter ek op oare plakken ynsette kin. De wettermakkers binne betocht troch dosint Leo Groendijk fan Van Hall.