Spinningmaraton: 11.364 euro

De grutte spinningmaraton foar Kankerstichting KWF hat freed 11.364 euro opbrocht. 24 oeren lang waard der yn Ljouwert troch hûnderten minsken op de fyts jild byinoar trape. Ek ferskate bekende Friezen diene mei. Lykas sterke man Wout Zijlstra. Ferline jier beklom hy noch de Alpe d'Huez.
De spinningmaraton yn Ljouwert wie organisearre troch Cor de Jong en Jochum van Weelie. Sy sille yn juny, mei in soad oaren, de Alpe d'Huez opfytse foar itselde goeie doel.