Folle mear wurkleazen

21 jan 2010 - 11:15

Yn Fryslân binne der ferline jier hast 25 prosint mear wurkleazen bykaam. De wurkleazens giet hjir hurder omheech as yn Drinte en Grinslân. Dat komt om't yn Fryslân mear bedriuwen binne dy't troffen wurde troch de ekonomyske krisis. Fierders wurkje in soad Friezen yn 'e bou yn 'e Rânestêd. Yn dy sektor binne grutte klappen fallen.

Yn desimber wiene 22.000 Friezen ynskreaun by it UWV. De organisaasje ferwachtet in fierdere taname foar 2010. De taname yn desimber wie 5,1%.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)