Ideeën foar nije gemeentenamme

De ynwenners fan de gemeente Snits meie meitinke oer de namme foar de nije gemeente dy't takom jier ûntstiet. Op 1 jannewaris gean de gemeenten Snits, Boalsert, Nijefurd, Wûnserdiel en Wymbritseradiel mei-elkoar fierder as ien grutte gemeente.
De wurknamme is no noch Súdwesthoeke. Elke gemeente mei ien namme foardrage dêr't de nije gemeenteried dan út kieze sil. De ynwenners fan de gemeente Snits kinne oant 1 maart ideeën foar de nije namme yntsjinje.