Unfrede oer besparrings DS

20 jan 2010 - 23:19

Der is ûnfrede oer de besparrings dy't de provinsje ynfierd op tal fan grutte projekten. Sa wurde de Sintrale As, de rûnwei by De Lemmer, de N381 tusken Drachten en Easterwâlde en it Noardwest Tangent boppe Ljouwert soberder oanlein. Foar- en tsjinstanners koene woansdeitejûn harren ûnfrede hjiroer úterje tsjin de steateleden oer dit foarnimmen.

Alle ynsprekkers wiene tsjin de besparjende maatregels. Yn febrewaris nimme de steaten hjiroer in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)