Hearrenfean ferliest fan Grins

20 jan 2010 - 22:34

Sportklup Hearreanfean hat woansdeitejûn mei 2-0 ferlern fan FC Grins. De doelpunten waarden makke troch Tim Matavz en Andreas Granqvist.

De ploech fan Ron Jans kaam al nei 13 minuten op foarsprong. Hearrenfean begûn de twadde helte goed, mar krige nei trije grutte kânsen in doelpunt tsjin. Granqvist skoarde yn de 60e minút. Oan beide kanten waarden in soad flaters makke. Der kamen 21.000 minsken op de wedstriid ôf yn de Euroborg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)