Soad aksjes foar Haïty

Yn Fryslân wurdt tongersdei massaal aksje fierd foar de slachtoffers fan de ierdbeving op Haïty. It ferskaat is grut. In soad bern sammelje lege flessen yn of hâlde in kollekte. Yn Wjelsryp lit master Siebe Haven fan de basisskoalle syn burd ôfskeare, tsjin in fergoeding. Oare minsken hâlde in bingo of ferkeapje guod.
Omrop Fryslan docht tongersdei de hiele dei ferslach fan de aksjes op de radio. In oersjoch fan de aksjes stiet ek op omropfryslan.nl.