Start fan Foarlêsdagen

20 jan 2010 - 14:36

Mei in foarlêsmoarnsbrochje op skoallen binne woansdei de Nasjonale Foarlêsdagen begûn. Doel is om fantasij en taal by bern te ûntwikkeljen. Printeboeken steane dit jier sintraal.

Tal fan bekende minsken lêze foar. De foarlêsdagen duorje oant en mei sneon 30 jannewaris. It boek De wiebelbillenboogie fan Guido van Genechten is keazen ta Printeboek fan dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)