Undersyk nei kosten plysje

20 jan 2010 - 14:28

In ekstern buro sil ûndersykje hoe't de plysje Fryslân effisjinter wurkje kin. It ûndersyk is nedich om't de regio yn finansjeel swier waar sit. Fan 2011 ôf wurdt elk jier in tekoart fan njoggen miljoen euro ferwachte. It meast jild giet op oan persoanielskosten.

Mooglike kostebesparring is mear gearwurkje mei oare plysjeregio's as Grinslân en Drinte. Wannear't it ûndersyk begint, is noch net wis. It wurdt mooglik Europeesk oanbestege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)