Byienkomst nei sjitynsidint

Der is tongersdeitejûn in besletten byienkomst foar âlders mei bern op de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean. Oanlieding is de sjitpartij fan tiisdei by de skoalle. De plysje skeat op in man om't er mei in mes swaaide.
De man is opereard oan de skonk en wurdt tongersdei yn it sikehûs yn Grins foarlaat oan de offisier fan justysje. Hy is koartlyn pakt foar geweld yn relasjonele sfeer. Hy is frijlitten, mar mocht gjin kontakt ha mei syn eks-frou en bern.