Lêste faze nije wyk Drachten
Mei de bou fan 250 nije huzen giet de fernijing fan de Drachtster wyk Noard-East de lêste faze yn. De gemeente en de wenningkorporaasje tekenen de oerienkomst foar de lêste trije grutte projekten. De nije huzen, mei goed 100 keapwenten, komme op it âlde rugbyterrein en twa oare plakken.
Der wurdt al in pear jier wurke oan de fernijing fan de folkswyk. Der is goed 10 miljoen euro foar. Dêrmei wurde hast 600 nije wenten delset en wurdt de iepenbiere romte opknapt.