Polderhoofdkanaal opnij besjoen

B. en w. fan Opsterlân nimme de oanbefellings út it krityske ûndersyk fan de kommisje Hermans oer it Polderhoofdkanaal oer. Ynklusyf in saneamd refleksjemomint. Dêrby wurdt alles wat noch nedich is foar it wer befarber meitsjen fan it kanaal by Nij Beets nochris yngeand besjoen.
De weriepening fan it kanaal leit al in skoft stil nei in útspraak fan de rjochter. De gemeenterie hat dêrnei opdracht jûn foar in ûndersyk nei de gong fan saken troch Loek Hermans.