Drafbaan Wolvegea net fallyt

19 jan 2010 - 15:45

Drafbaan Wolvegea, de eksploitant fan it drafsintrum, is net fallyt ferklearre. De rjochter hat it fersyk fan kurator Mensink ta in fallissemint tiisdei ôfwiisd. Dat bestjut dat de draverijen op de drafbaan foarearst noch trochgean kinne.

It is net dúdlik hoe't de rjochter ta dy útspraak kaam is, omdat de útspraak net iepenbier is. De eigner fan de grûn en de gebouwen fan de drafbaan is earder wol fallyt ferklearre. It drafsintrum sil dêrom ferkocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)