Fernuvere oer oprop Van Wees

19 jan 2010 - 14:34

Buertferiening Heidebuorren fan Sumarreheide en Doarpsbelang Sumar begripe neat fan de oprop fan âld-wethâlder Van Wees fan Ty'steradiel om yn ferset te kommen tsjin it skrassen fan bushaltes yn en by it doarp.

Neffens doarpsbelang en de buertferiening wurdt al folle langer protesteard tsjin de plannen. It soe gean om ien halte en net om fjouwer sa't Van Wees beweart. Doarpsbelang en de buertferiening binne it net iens mei it skrassen fan de halte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)