Lejsal op goal tsjin Grins

19 jan 2010 - 14:08

Hearrenfeankeeper Martin Lejsal stiet woensdei op 'e goal yn de wedstriid tsjin FC Grins. De Tsjech nimt it plak oer fan Brian Vandenbussche. De Belch foel sneon yn de wedstriid tsjin PSV út mei in rêchblessuere.

Oussama Assaidi is hielendal hersteld fan in bilspierblessuere. Neffens trainer Jan de Jonge is der in kâns dat Mika Väyrynen spilet. Tsjin PSV hie De Jonge Väyrynen noch passeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)