Hege wurdearring strân Skylge

19 jan 2010 - 11:21

It strân fan Skylge is troch it Ingelske online magazine 'Times Online' ferkeazen ta ien fan de 20 bêste strânbestimmingen yn Europa foar dit jier. Skylge stiet op it tweintichste plak. It strân wurdt foaral priizge om it fine sân, de prachtige loften en de moaie ûndergongen fan de sinne. Ek it netwurk fan mountainbikerûtes docht it goed by it online magazine.

Der stiet nóch in Waadstrân yn de top 20: 19e stiet it Dútske eilân Sylt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)