Primeur foar Nij Smellinghe

19 jan 2010 - 11:03

Froulju mei slimme menstruaasjeklachten kinne by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten terjochte foar in nije, pasjintfreonliker behanneling. Dêrby wurdt it 'baarmoederslijmvlies' fuortbaarnd. Dat bart no polyklinysk, froulju kinne nei twa oeren wer nei hûs en hawwe nei de behanneling folle minder pine.

Oant no ta moasten froulju op syn minst ien dei opnommen wurde foar de yngreep en moasten se ûnder narkoaze. No is in pleatslike ferdôving genôch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)