Aksje tsjin parkeartariven

19 jan 2010 - 10:50

De fraksje fan Smallingerlands Belang yn de gemeenteried fan Smellingerlân komt sneon yn aksje tsjin de hegere parkeartariven yn Drachten. Dy binne mei 20 prosint omheech gien.

Smallingerlands Belang fynt dat dat net kin omdat it sintrum fan Drachten op 'e skeppe leit. Boppedat fynt de partij de ferheging net op syn plak sjoen de noch hieltyd minne ekonomyske situaasje. In oerheid moat net allinne oan himsels tinke, mar earst oan syn ynwenners, seit de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)