Fytser rydt by auto op

19 jan 2010 - 10:43

In man fan 64 jier út Appelskea is moandei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer hie in bril op en fytste yn de rein. Nei alle gedachten hie er dêrtroch min sicht.

De man botste frontaal tsjin in parkearde auto op. De man klapte mei de holle op 'e dyk. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)