Santich brillen stellen

19 jan 2010 - 10:37

By optisien Bangma oan de Noorderbuurt yn Drachten binne tusken sneontemiddei en moandeitemoarn sa'n santich brillen stellen. Der waard ek noch in ûnbekend jildbedrach út de kassa meinaam.

De skea fan de stellerij rint yn de tûzenen euro's. Neffens in meiwurker fan de saak ha de dieven hiel spesifike brillen útsocht, dy't yn bepaalde parten fan Europa goed yn de merk lizze. De bedraggen per bril fariearje fan 250 oant 1500 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)