Húsregels foar jeugdketen

19 jan 2010 - 10:27

De jeugdketen yn Achtkarspelen meie tenei oant op syn lêst tolve oer nachts iepen wêze. Der mei net yn de keten oernachte wurde. Dat stiet yn de nijste húsregels foar de jeugdketen yn de gemeente. De jeugdketen meie allinnich op partikulier terrein stean.

B en W fine it wichtich dat âlders geregeld del komme om te kontrolearjen as alles goed giet. De âlders moatte de ferklearring mei de spulregels ûndertekenje, fynt it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)