Tolve autoynbraken

19 jan 2010 - 10:22

Yn tolve auto's op parkearterreinen fan twa fastfoodrestaurants is moandei ynbrutsen. De plysje krige in melding dat it alarm fan in auto ôfgien wie op in parkearterrein oan de Weinmakker op It Hearrenfean. Doe't se der kamen, seagen se dat in auto iepenbrutsen wie.

Der stie ek noch in oare auto dêr't it rút fan fernield wie. Boppedat kaam flak dêrnei de melding fan tsien fernielde auto's op in terrein oan de Séwei op De Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)