Wenbuorkerij Langedike útbrând

19 jan 2010 - 10:02

In leechsteande wenbuorkerij oan de Broekhorst yn Langedike is moandei folslein útbrând. Om sawat njoggen oere seach in foarbygonger út syn auto de brân en warskôge de helptsjinsten.

De brânwacht wie der gau by, mar omdat it hûs fier fan in brânkraan ôflei, duorre it lang foardat der bluswetter beskikber wie. De wenbuorkerij is ôfbrând. De plysje warskôge de 63-jierrige eigner út De Fochtel, dy't it hûs te keap stean hie. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)