Man omkaam op skip

Aksje helptsjinsten om 'e nocht (foto: Anton Kappers)
In 61-jierrige man út Swolle is moandei ferstoarn by in skipsûngelok by Skûlenboarch. It slachtoffer woe mei syn soan it binnenfeartskip oanlizze by de Skûlenboargerwei. De man stie op it foardek en hie in tou om in bolder op de wâl dien.
Wierskynlik skeat it spande tou los en kaam it mei in klap tsjin de holle fan it slachtoffer oan. De man foel swier ferwûne op it dek fan it skip. Helptsjinsten hawwe noch besocht de man te rêden, mar dat slagge net mear.