Fuortset ûnderwiis yn 3 talen

18 jan 2010 - 19:31

Skoallemienskip Liudger yn Burgum en It Bogermancollege yn Snits binne de earste trijetalige skoallen yn Fryslân. Yn de heechste klassen fan it basisûnderwiis wurdt al wurke mei trijetalich ûnderwiis, mar der wie noch gjin oansluting mei it fuortset ûnderwiis.

Op it Liudger wurdt yn septimber útein setten mei de nije foarm, op it Bogerman yn Snits geane se yn 2011 los. Ut in enkête is dúdlik wurden dat der in soad belangstelling foar is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)