Haïtydei by Omrop Fryslân

18 jan 2010 - 17:25

Omrop Fryslân Radio jout tongersdei de hiele dei omtinken oan de lanlike benefytaksje foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Haïty. Der komme reportaazjes oer regionale aksjes en aardige inisjativen. Wa't in aksje hat kin dy melde op helpaksje@omropfryslan.nl.

Lanlike tillevyzje- en radiostjoerders sille tongersdei de hiele dei jild ynsammelje foar de slachtoffers. De provinsje besjocht tiisdei oft der ek in provinsjale aksje komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)