Rjochtsaak tsjin ielfisker

18 jan 2010 - 17:11

Tsjin ielfisker Minne Boersma út Harns is in boete fan 1600 euro easke, wêrfan 1400 ûnder betingst. Hy krige de boete foar it ielfiskjen doe't der ferline jier in fangstferbod wie.

Boersma seit net op iel fiske te hawwen. Hy hie de fûken oanpast op fiskerij op krabben, om dochs noch wat fertsjinje te kinnen. De AID seach ek dat der inkeld mar krabben yn sieten. Mar neffens it IM is de ielfûke ferbean, ek al is er oanpast. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)