De Kuilart wer 'Superplatz'

Rekreaasjepark De Kuilart yn Koudum hat ek dit jier wer de ûnderskieding 'Superplatz' krigen fan de ADAC, de Dútske ANWB. De Kuilart is de iennige Fryske camping dy't dit jier de titel drage mei. Yn totaal alve campings yn Nederlân hawwe it kwaliteitslabel krigen.
Op dit stuit wurdt der noch wer ekstra ynvestearre yn it park yn Koudum. Sa wurde sân bungalows ferfongen troch fjirtjin lúkse wenten.