MCL-sprekoere op eilannen

18 jan 2010 - 14:30

Spesjalisten fan sikehûs MCL hâlde meikoarten foar it earst sprekoere op Skylge en Flylân. Dat bart yn gearwurking mei de dokterspraktiken op 'e beide eilannen. In kardiolooch, in longarts en in ynternist sille ôfreizgje nei de eilannen.

It sprekoere hat de namme Wadden-MCL krige. Pasjinten hoege no net mear nei it sikehûs oan 'e fêste wâl ta. It MCL hat ynvestearre yn ekstra apparatuer op 'e eilannen sadat de spesjalisten haren wurk goed dwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)