Besletten training Hearrenfean

18 jan 2010 - 12:54

SC Hearrenfeantrainer Jan de Jonge wol tiisdeitemoarn by de lêste oefensesje foarôfgeand oan de wedstriid tsjin FC Grins besletten traine. De parse mei allinnich de earste 15 minuten bywenje. Supporters binne wol wolkom op trainingskompleks Skoatterwâld.

Under foargonger Trond Sollied wie it gewoante eltse lêste training gjin parse ta te litten. De Jonge makket dêr no dus ek gebrûk fan. In garânsje foar súkses is it lykwols net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)