Tsjerke Droegeham foar Haïty

18 jan 2010 - 12:13

De kristlik grifformearde tsjerke fan Droegeham hâldt no sneon in ynsammelsaksje foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Haïty. De tsjerke hat mei Margot de Greef út Twizel in eigen helpferliener yn it troffen gebiet.

De Greef wie mei jild fan de tsjerke nei it lân ta gien om dêr projekten op te setten. Mei de aksjedei krijt De Greef mear jild om har wurk te dwaan. Lange tiid wie der gjin kontakt mei De Greef. De tsjerke siet dêroer yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)