Minskehannel bliuwt dreech
It bliuwt dreech om minskehannelers op te pakken, ek al docht de Fryske plysje dat wol better as oare korpsen yn it lân. De plysje hat ûndersyk dien nei hoe't de 25 korpsen yn 2008 minskehannel tsjingiene. Mar seis diene dat doe neffens de easken.
De sifers binne bekend makke yn 'e Korpsmonitor 2008. Fryslân stiet oan de goede kant fan de streek, mar hearde yn 2008 noch net by dy seis dy't it neffens de easken diene.