Otterspoaren yn De Deelen

18 jan 2010 - 11:44

Yn natuergebiet De Deelen yn Mid-Fryslân binne otterspoaren yn 'e snie sjoen. Der binne oanwizings dat it om in wyfke giet. Dêr is Steatsboskbehear bliid mei. As in mantsje it ek oprêdt yn De Deelen te kommen dan kinne der jongen komme. Der binne mantsjes yn 'e buert, want yn Garyp is okkerdeis in mantsje deariden.

De otters komme út Oerisel it suden fan 'e provinsje yn. Der binne in soad mantsjes deariden ûnderweis fierder de provinsje yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)