Buertbus Flyterpen hâldt op

Burdaard
De buertbus De Flyterpen hâldt nei 25 jier op te bestean. De busferbining tusken ûnder oare Burdaard, Hegebeintum, Wânswert, Reitsum en Ferwert ferfalt mei yngong fan 1 april. De bus wurdt bestjoerd troch frijwilligers.
Hieltyd minder minsken meitsje gebrûk fan 'e buertbus. Yn 2009 stapten net mear as 2500 passazjiers op. Yn de begjintiid wiene dat noch 12.000. Neffens de buertbusferiening kin it kwa jild net mear út.