Wenningbrân yn Drachten

18 jan 2010 - 08:45
De wenning is hielendal útbaarnd (foto: Jilmer Postma)

By in wenningbrân oan de Westerwird yn Drachten binne justerjûn twa minsken ferwûne rekke. It giet om bewenners fan it hûs. De wente is hielendal útbaarnd.

De brânwacht koe net foarkomme dat de brân ek oersloech nei de njonkenlizzende wenning. In kachel op de souder soe de mooglike oarsaak wêze fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)