Amelân pakt swartrinners oan

18 jan 2010 - 08:23

De organisaasje fan de kuiertocht om It Amelân hinne nimt maatregels tsjin saneamde swartrinners. It 'Rondje Ameland' oer fyftich kilometer wurdt op 5 juny foar de fjirtjinde kear holden en lit mar trijehûndert kuierders ta.

Foarich jier diene minsken mei dy't gjin ynskriuwjild betelle hiene, mar wol gebrûk makken fan de fasiliteiten fan de organisaasje. Om dat tsjin te gean krije de offisjele dielnimmers dit jier in spesjale earmbân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)