Stroetinga Nederlânsk kampioen

17 jan 2010 - 17:37

Arjan Stroetinga fan Waskemar is snein Nederlânsk kampioen maratonreedriden wurden op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam. It wie de twadde Nederlânske titel op it keunstiis foar Stroetinga. De Fries pakte de titel nei in einsprint dy't goed oanset waard troch ploechmaat Bob de Vries dy't 6e waard. Twad en tred waarden Ingmar Berga en Sjoerd Huisman.

By de froulju gie de titel nei Mariska Huisman út West-Graftdijk. Maria Sterk fan Hallum waard fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)