SCO wint kuorbal-derby

17 jan 2010 - 16:46

De kuorbal-derby yn de haadklasse A tusken SCO en Mid Fryslân is snein einige yn it foardiel foar SCO. De einstân wie 20-19. Mei rêst wie it al 14-11 foar de klup út Aldeholtpea. Mid Fryslân sette yn de lêste minuten noch wol oan, mar koe de lykmakker net meitsje.

Sneon wûn LDOK yn deselde haadklasse al fan CSL mei 29-15. Fan de Fryske kuorbalklups yn de haadklasse, stiet SCO der mei in twadde plakje yn de stân it bêste op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)