Plysje pakt messen en drugs ôf
By in previntive fûllearringaksje yn de Ljouwerter binnenstêd hat de plysje in ferskaat oan messen, harddrugs en in honkbalknuppel yn beslach nommen.
Mei-inoar waarden 112 minsken en fiif auto's kontrolearre. De man dy't de harddrugs yn syn besit hie is oanhâlden, de oaren krigen allegear in boete.