Fytsedief oanholden

In 21-jierrige ynwenner fan Swol is sneintemoarn yn Ljouwert oanhâlden foar fytsestellerij. In tsjûge hie sjoen dat de man in fyts stellen hie yn de Wybrand de Geeststrjitte.
Troch de spoaren yn de snie te folgjen koe hy de fyts werom fine yn de tún fan in wente oan de Balistrjitte. Hy belle de plysje dy't de dief oppakke koe. Tsjin de Swollenaar is proses-ferbaal opmakke.