Ferfelende Koudumer oppakt

Is 47-jierrige Koudumer is sneontenacht oanhâlden nei't er ferskate kearen besocht hie om by in feest binnen te kommen yn De Klink yn Koudum. Befeiligingsmeiwurkers wegeren de man de tagong.
Nei't er it noch in pear kear besocht hie pisse er tsjin it gebou en liet er syn geslachtsdiel oan omstanners sjen. Foar de plysje wie de maat fol en se hawwe de man meinaam nei it buro.