Gerrit Kramer wint yn Makkum

17 jan 2010 - 13:49

Gerrit Kramer hat sneon de Makkumer Winterloop wûn. De Boalserter wie nei tsien kilometer njoggentjin tellen earder oer de finish as Jan Albert Veenema fan Snits. Willem de Boer út Eksmoarre waard tredde.

By de froulju kaam de winner ek út Boalsert. Yvonne Tinga wûn de striid foar de 15-jierrige Charissa Zijlstra fan Lekkum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)