Diskobusfertochten langer fêst

30 mrt 2012 - 16:34

De trije fertochten dy't de plysje earder dizze wike oanhâlde foar it fernielen fan in diskobus moatte noch 14 dagen langer fêstsitte. Dat hat de rjochter-kommissaris freed bepaald. It giet om manlju fan 21,22 en 23 jier út Tsjummearum. Ein febrewaris krigen de trije yn de diskobus tusken Berltsum en Harns spul mei in groep Harnzers. By de fjochtparij waarden ruten fan de bus fernield.

Mear oanhâldings yn dizze saak slút de plysje net út. Nei it ynsidint fan febrewaris hat ferfierder Connexxion de diskobusrûte stillein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)