Protestaksje fan Saabeigners

Protest tsjin de ferdwining fan Saab
Ek út Fryslân wei docht in tal eigners fan in Saab mei oan de demonstraasje tsjin de driigjende sluting fan de Saabfabryk. De Saabeigners sammelen har sneintemoarn by in tankstasjon tusken it Hearrenfean en Wolvegea. Dêrwei rieden se nei Soesterberg, nei it Militair luchtvaart Museum. Der wurde dêr wol 500 Saabs ferwachte.
Ek yn it bûtenlân komme dit wykein minsken mei in Saab by elkoar, om te protestearen tsjin de mooglike ferdwining fan it automerk.