Flyers winne fan Eindhoven

16 jan 2010 - 23:45

De Hajé_Flyers ha nei trije ferliespartijen op rige wer ris in wedstriid wûn. Op it eigen iis waarden de Eindhoven Kemphanen mei 5-3 ferslein.

De earste perioade wie mei 2-1 foar Eindhoven, mei de Flyer goal fan John_Gordon. De twadde perioade einige yn 1-1 mei in treffer fan Paul_Vincent. De tredde perioade joech foar de Feansters de trochslach. Jamie_Visser (2) en Andrey_Levitin wiene doe de skutters.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)