SC Hearrenfean út de beker

16 jan 2010 - 23:29

SC Hearrenfean leit nei it 3-1 ferlies tsjin PSV út it bekertoernoai. Yn it Abe Lenstra stadion wie it team út Eindhoven yn de achtste finale de bettere ploech. Balázs Dzsudzsák sette PSV yn de 26ste minút op foarsprong.

Danko Lazovic ferdûbele yn de twadde helte de skoare. Tsien minuten foar de ein brocht Gerald Sibon de spanning mei in prachtich wipperke werom. Doe't Daryl Janmaat in grutte kâns net fersulvere, sloech PSV yn de ekstra tiid noch ris ta troch Nordin Amrabat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)