Tuinstra kampioen iisspeedway

Johnny Tuinstra fan Tsjummearum hat sneon yn Warten it NK iisspeedway wûn. Ferline jier bleau it yn Warten noch by in demonstraasjewedstriid, mar no gie it om de echte titel. De organisaasje hie der alles oan dien om in moaie baan del te lizzen. It iis wie troch it teiwaar wol wat sacht, mar foldie wol oan de easken.
It manmachtich opkommen publyk seach 50 dielnimmers harren rûntsjes draaien.