Rêdingsaksje doarpshûs

16 jan 2010 - 14:25

Ynwenners fan Kollumersweach en Feankleaster wurde oproppen om har yn te setten foar doarpssintrum de Trije Doarpen. De stifting dy't it doarpshûs beheart sit yn swier waar en hat it ûntslach oanfreegje moatten foar de behearder.

De problemen binne ûntstien troch legere ynkomsten en hegere útjeften. Om foar te kommen dat it doarpshûs ticht giet wurde de ynwenners frege te helpen. It makket net út wat se dwaan wolle, as se mar helpe wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)